American-British-Dutch-Australian Command

It gbiet dêr't it ABDACOM operearre
Fjildmaarskalk Sir Archibald Wavell

It American-British-Dutch-Australian Command (ABDACOM) wie yn de Twadde Wrâldoarloch in gearfoeging fan de Amerikaanske, Britske, Nederlânske en Australyske legers yn Súdeast-Aazje om de Japanske ynvaazje op te kearen. It doel wie om de Britske en Nederlânske koloanjen yn de regio te beskermjen. Op 28 desimber 1941 waard de ABDACOM oprjochte, in moanne nei de oanfal op Pearl Harbor. It byinoar foege leger hie as befelhawwer de Britske generaal Archibald Wavell. Nei't Japan Nederlânsk-Ynje, Singapore en de Filipinen beset hie, waard de it meielkoar oparbeidzjen op 25 febrewaris 1942 beëinige. De striidkrêften dy't der al wiene bleaune ornearre foar de ferdigening fan Java. De floatkombinaasje ûnder skout-by-nacht Karel Doorman waard twa dagen letter (27 febrewaris) ferneatige yn de Slach yn de Javasee.

Hoewol't de ABDACOM mar in pear moanne bestie en de iene nei de oare slach ferlear, is der wol fan leard en hat it foar gearwurkingsferbannen tusken Alliearden letter yn de oarloch fertuten dien.


Developed by StudentB